Mei in geweldige klap slacht er de doar efter him ticht. Dan is it stil. Sawol mem as ik doare neat te sizzen. Wy wisten wol dat heit net geweldige goed yn syn fel siet, mar dat it sa slim wie… Yn de stilte besykje ik oan mem te sjen wat der sakrekt bart is. Mar har antlit jout my alhiel gjin dúdlikens. Hearder in frjemd soart ûngemak. Krekt of skammet se har. Ik freegje my ôf wêr’t mem har no foar skamje moatte soe. Soe se wat fertelle moatte?
Mei piipjende banden hear ik in auto fan it hiem riden. Mem dy’t it wurd nimme sil sjocht of moat se in mannichte minsken oansprekke, wylst allinnich ik mar yn de keamer bin. Dan komt der lûd: „Heit..” It bliuwt even stil. “Heit dy…ehm…” Mei triennen yn har eagen besiket se de wurden te finen. Mar se komme net. Mem dy’t oars sa’n prater is, krijt neat har mûle út. Ik wurd suver wat ûngeduldich en begjin my stadichoan ôf te freegjen oft der fierders noch wol wat komt. Soe heit wat ferkeards dien hawwe? Dat sil dochs net. Der falt in soad oer heit te sizzen, mar hy soe nimmen ea kwea dwaan. Teminsten…
Ik besykje it momint fan krekt wer werom te heljen. Heit wie thús kommen fan it wurk en wie fuortendaliks troch rûn nei de keuken dêr’t er mem in tút op de foarholle jûn. Sy wie de ierappels oan it skiljen. Ik hie it gefoel hân dat heit my net sitten sjoen hie wylst ik siet te lêzen yn de wenkeamer. Hy hie yn alle gefallen net de muoite nommen my te begroetsjen doe’t er my foarby rûn. Foar’t ik it wist, hie er de skodoar ticht dien en sieten hja tegearre yn de keuken. De earste fiif minuten wie it rêstich, mar al gau begûn heit te razen en te skreauwen. Ik hie him noch nea sa te kear gean heard. It duorre net lang mear of heit luts de skodoar wer mei in rotgong iepen en ferliet sûnder wat te sizzen it hûs. No hie er my al sjoen. It fernúvere my dat er neat sein hie en stoïsynsk trochrûn wie nei bûten.
„Wat is der mei heit?” frege ik wat ûnwis fan út de wenkeamer. It focht yn mem har eagen wjerkeatste op in moaie manier it keukensljocht. Lykas glinsterjende har eagen in bytsje. „Heit… Hy wit it allegearre net mear”. Ynienen seach ik it. Al dy wiken dat er him sa, no ja…
„Hy sil dochs net…”
Foar’t ik de sin ôfmakke hie, griep mem al yn. „Fêst net leave” sei se. Mar it bedarre my net. Fiif minuten lang bleau it deastil. Ik wie eangstich. ,,Oant dat ik de fuortgeande auto wer stadichoan it hiem op riden hearde en ik fernaam dat ik wer gewoan sykhelle”.
Dit koarte fiktive ferhaal is earder publisearre yn it ynternet-tydskrift Skanomodu


Plaats een reactie