Ik kin it my noch goed yn it sin bringe. Hoe oft er dêr stie wylst er útseach oer de greide mei ien foet op ‘e hikke en de oare op ‘e grûn. Altyd seach ik skean út myn eachhoeken nei him en gong krekt sa stean as hy stie. Dêr stienen wy, tegearre neist elkoar. Faak stûnen wy wol in oere lang by de hikke sûnder in wurd te sizzen. Op sa’n momint wisten wy beiden dat der gjin wurden nedich wienen. Stean en útsjen oer de fjilden, harkje nei de fûgels, dat wie genôch. Heit koe alle fûgels. Hy koe oeren yntins lústerje nei harren lûd. Mar by ien fûgel feroare hy. Altyd as er it lûd fan de skries hearde seach er nei boppen nei de loft, krekt of koe hy it amper droech hâlde.
Wannear’t ik frij wie ferstoppe ik my wolris yn it hea en observearre ik him de hiele middei wylst er wurke. As myn mem dan frege wêr oft ik wie dy dei sei ik altyd dat ik efteryn it lân sitten hie. Heit wist dat ik leach, koe it oan myn kop wol sjen. Dochs sei er der nea wat fan. Ik haw my altyd ôffrege wat er tocht op sa’n momint.
Somtiden sjoch ik him werom yn de lytse dinkjes: myn hannen ôffeie oan de broek of yn myn eagen wriuwe as ik wurch wurd. Ik bin krekt as hy ien dy’t net graach praat. Ús mem hat har altyd ferwûndere oer hoe bot ik op him like. ‘It is krekt of sjoch ik dyn heit binnenkommen’, sei sy wolris as ik sneins op ‘e kofje kaam.
No en dan as ik dan mei ien foet op ‘e hikke stean en myn eagen ticht doch hear ik it: it lûd fan de skriezen. By dat lûd sjoch ik nei boppen en rinne de triennen my yn de eagen: it is krekt of roppe sy him.
Dit koarte fiktive ferhaal is earder publisearre yn it ynternet-tydskrift Skanomodu


Plaats een reactie