Het sorrykaartje

Njonken him op ’e byridersstoel leit in boskje blommen mei in lyts ‘sorrykaartje’. ‘Wilt u er een kaartje bij? Welke? Dit sorrykaartje? Doen we die. Wilt u er ook nog iets opschrijven?’ De stim fan it kassafamke wie fleurich en skel, of woe sy him ekstra fiele litte wat er dien hie. No sit er yn de auto mei in bosk blommen fan presys tsien euro neist him op ’e stoel. It wie deselde auto as de auto dêr’t er mei op houliksreis gien wie. Dêr, njonken him op ’e stoel, hie se sitten. Mei harren trouklean oan rieden sy fuortendaliks nei de troudei nei Súd-Frankryk. De folsleine reis soenen sy prate oer de takomst dy’t harren oanlake.
It hie in prachtige troudei west: in soad sinne, hast gjin rein, útsein dan it momint dat sy by it gemeentehûs sieten. ‘Ach, wat makket it út, doe sieten wy dochs binnen,’ hie sy sein.

Hy parkeart de auto mei de bumper krekt net tsjin it stek oan. By it útsetten fan de motor bliuwt er noch fiif sekonden sitten en sjocht foar him út. Njonken him kinst oan de binnenkant fan de doar de dûk noch sjen. ‘Krekt net total loss,’ hie de garaazjehâlder sein. ‘De botsing hat presys op it goeie plak west, jo kinne der noch hieltyd mei ride.’ De fleur wêrmei’t de garaazjehâlder it sei, flime him troch it hert.

As er de blommen pakt, suchtet er noch ien kear djip, wêrnei’t er útstapt. Nei twa stappen fielt er ynienen in drip op ’e holle. Rein. De stiennen ûnder him kreakje, krekt as twa jier ferlyn. Hy hat altyd it grau hân oan dat lûd. Miskien komt er dêrom wol nea op tsjerkhôven. As er by it grêf oankomt, docht har namme him hast frjemd oan. ‘Ik zal je voor altijd missen,’ stiet der boppe. It moast in simpele, mar dúdlike stien wurde, hie er sein. No tinkt er der hiel oars oer. Hy pakt syn blommen mei ‘het sorrykaartje’ en leit se sêftkes op it grêf. ‘Sorry schat, liefs mij,’ hat er der opskreaun. It wie mar in lyts kaartsje.




Dit koarte fiktive ferhaal is earder publisearre yn it ynternet-tydskrift Skanomodu

Posted In ,

Plaats een reactie