It is kâld bûten. Tige kâld. Ik haw mem de wanten oan dien en har sjaal oer har winterjas slein. Se kin al jierren net mear goed rinne. Elke kear as ik by har kom, giet se oerein om kofje en tee te setten. Ik sjoch dat it har hieltyd minder goed ôfgiet. Se rillet en kin de kofjekopkes amper noch by de tafel krije. Ferskate kearen haw ik oanbean om it sels te dwaan mar dat wegeret se: ‘Jim binne hjir te gast en sa lang as ik noch rinne kin, doch ik it ek’.
Ik til ús mem mei muoite de auto yn. ‘Sitst goed, mem?’ Freegje ik noch foardat ik de doar tichtsmyt. As ik efter it stjoer sit, sjoch ik troch de binnenspegel mem har hannen. Se hat de wanten út dien en sjocht tefreden troch it rút nei bûten. Ik krij in brok yn de kiel en moat myn bêst dwaan om myn triennen yn te hâlden.
Neffens my moat ik likernôch tsien jier âld west ha. It wie lyksa kâld as no en ik fytste mei ús mem nei skoalle. Se hie my sa goed oanklaaid dat ik amper noch bewege koe. Yn- en ynkâld wie ik. De izige kjeld kaam dwers troch myn bernewantsjes hinne. Wylst ik yn in wat ûnhandige manoeuvre nei ús mem seach, foel it my ynienen op dat sy hielendal gjin wanten oan hie. Mei ien hân treau se my yn ‘e rêch en de oare hân hie se op it stjoer. Mem moast wol hiele bysûndere hannen ha dy’t nea net kâld waarden.
As ik sneins yn tsjerke siet, ferlike ik heit en mem harren hannen altyd. Mem harres wienen lang en slank. Se hie in prachtige trouring mei in diamantsje deryn. Elegant, fersoarge en dochs wurkhannen. Heit hie hiele oare hannen. Grou en fol yl. It wie suver in spultsje om op heit syn útstekkende ieren te drukken.
Troch de binnenspegel sjoch ik wer nei dyselde hannen. Se binne âld wurden. Fol mei tearen en kronkels. Ik draai my om en sjoch ús mem oan. ‘De tiid giet hurd mem’ sis ik mei in riljende stim. Se sjocht my in pear tellen rjocht yn myn eagen oan en feit dêrnei, sûnder wat te sizzen, mei har waarme, ronfelige hân in trien by my fuort.
Dit koarte fiktive ferhaal is earder publisearre yn it ynternet-tydskrift Skanomodu
Foto is makke troch Marleen Horjus – de Wilde


Plaats een reactie