Even bekomme

Nei it jûnsiten begjint it grutte ritueel. De bern meie op bêd. Begryp my net ferkeard: ik fyn it hearlik om harren om my hinne te hawwen, mar dizze heit is in bytsje wurch nei in dei geëamel fan pubers dy’t boeken, pinnen en wat net al mear fergetten binne en fan foaren net witte dat se fan efteren libje. Boppedat moat it húshâlden ek noch dien wurde nei’t de bern op bêd lizze.

Gelokkich leart dizze heit gau. As folleard pedagooch lis ik alles klear: pyamaatsjes, skjinne ruften, wiete waskhantsjes foar it gesicht, toskeboarstels mei toskeguod der al op, en fansels in boekje om foar te lêzen. Ja, sels it ferske om te sjongen is al útsocht.

Fansels mei de âldste wat langer opbliuwe, lykas de baby. Dêrom help ik myn soan fan twa jier.
“Aaah, mûle iepen.”
“Auto-pyama oan.”
“Mem tút.”
“Lekker ûnder de tekkens mei heit op it grutte bêd.”
Noch efkes Tomke lêze: “Lekker sliepe, Tomke. En Romke.”

Dêr lizze se, deawurch fan ’e dei, neistinoar op it grutte bêd. Wy dogge in wedstrydsje: wa’t it earst sliept. Heit wint.

Nei trije kertier wurd ik stadichoan wer wekker fan it skerpe lûd fan boarden en bekers. Ah, de âldste leit op bêd; de tafel wurdt opromme. Ik spits myn earen en harkje nei it lûd fan de ôfwaskmasine dy’t ynromme wurdt. Noch efkes wachtsje… In pear minuten letter is it stil en wit ik dat de kust feilich is. Dat: derút.

Mei in sloech gesicht stap ik de keamer yn dêr’t myn frou lekker op ’e bank sit mei in kop tee. De tafel hielendal skjin.

“Hé, leave, lizze se lekker te sliepen?”
“Jawis. It wie wat dreech, mar ik haw it wer foarinoar krigen.”
“Bist in topper.”

Swier wurk, bern op bêd bringe. …

Posted In ,

Plaats een reactie