‘Wat bist let,’ sei se kribbich.
‘Ja, sorry frou De Graaf.’
Mei-feare hie ik leard op in kursus. As âlde minsken wat kiezzich binne, dan kinst faak mar better wat mei-bewege.
‘Hoe is it hjoed mei frou De Graaf?’ frege ik heal ynteressearre. Ik wist dat ik let wie en hope mar dat har antwurd net te lang duorje soe, oars kaam ik yn ’e knipe mei de rûte.
‘Koe better. De suster wie fan ’e moarn let mei it dûsen en no is de hiele dei yn ’e hobbel.’
Ik sette de tee foar har del op it taffeltsje. Hja koe har net sa goed mear omdraaie, stiif fan al it sitten. Har eagen hjitten my it taffeltsje noch wat tichterby te skowen.
Ik koe it ritueeltsje wol dreame. Altyd siet se op har rollator te wachtsjen. Altyd wie ik let, ek as dat net sa wie. Sneins wie it deenske broadsje te drûch, de ‘gevulde koek’ net te fretten, de kofje te swart, de tee te kâld.
Mar ik hold fan it wurk. Doe’t ik in jier of fyftjin wie, holp ik alle wiken yn in âldereintehûs. Ik skonk kofje en tee, die de ôfwask, brocht iten rûn. Tuskentroch seach ik stikjes libben foarbykommen: foto’s fan bern en bernsbern, âlde buorkerijen, in skilderijtsje oan ’e muorre.
It foel my op dat guon minsken nea besite krigen en dêr alle dagen wer oer jeremiearren, wylst oaren hast alle dagen wol minsken oer de flier hiene. En earlik sein, by dy lêsten kaam ik it leafst.
Ik kin my mynhear Van der Werf noch skerp foar de geast helje. By him stie de doar altyd in eintsje iepen. As ik by him binnen kaam siet er yn de rolstoel by it rút te skilderjen. Hy makke fûgeltsjes op kaartsjes. Alle dagen in oare fûgel.
Ik krige ek ien fan him: in readboarstje. ‘Sjoch,’ sei er gemiensum, ‘hjir hast der ek ien.’
Mei Krysttiid wie er nea allinnich.
Noch geregeld tink ik werom oan dy tiid dat ik mei kofje en tee by de keamers del tôge en in lyts stikje fan al dy libbens meikrige.
Jierren letter fertelde ik yn de klasse oer frou De Graaf en mynhear Van der Werf.
‘Wa soest wurde wolle ast âld bist?’ frege ik. Elkenien keas foar Van der Werf.
‘En wa soest leaver yn dyn klasse ha as learling?’ frege ik doe.
Der foel in lytse stilte. In pear bern laken wat ûnwis. Ien sei: ‘Net frou De Graaf, tink ik…’
Ik seach hoe’t se deroer neitochten, mei dy twa bylden yn ’e holle: de iepen doar en de tichte, it stapeltsje kaartsjes en it taffeltsje mei ôfkuolle tee.
Ik hoegde de rest net mear út te lizzen.
Om de privacy fan belutsenen te beskermjen, binne alle nammen anonymisearre


Plaats een reactie