Kieze is ferlieze
En net kieze is in kar
Seeën opsjes binne fuort no
Dyn beslút is no oan bar
Faaks wolst wol wer werom
Nei dy krúswei fan eartiids
Mar de tiid hâld nea gjin skoft
Hy jout nimmen syn belies
Dat, do moast foarút
It is dyn eigen wei
Do hast sels dyn kar ea makke
bist dyn takomst no benei
Uteinlik wienen it dreamen
Dyn yllúzjes bin’ net rjocht
Der bestiet alhiel gjin krúswei
it wie de takomst dy’t dy opsocht
Lit dyn beskik mar fierwei farre
Foarby de grins fan it ferstân
En genietsje alle dagen
Hy hat dyn libben yn Syn hân

Plaats een reactie